Noardlik Kanada
Noardlik Kanada is in oantsjutting fan de trije territoaria yn it noarden fan Kanada: Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût. Gewoanwei wurdt it gebiet oars almeast oantsjutten mei it Noarden.
Noardlik Kanada is fierwei de tinst befolke regio fan Kanada, en hie yn 2011 in ynwennertal fan likernôch 107.000 minsken op in oerflak fan mear as 3,9 miljoen km², wat in befolkingstichtens fan 0,03 minsken de km² opsmiet. Fan 'e totale befolking fan Kanada libbet 0,3% yn Noardlik Kanada. De ynwenners besteane foar in útsûnderlik grut diel út lânseigen groepen: Inûyt, Yndianen en Métis. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 makken dy yn Yukon 25,1% fan 'e befolking út, yn 'e Noardwestlike Territoaria 50,3%, en yn Nûnavût sels 84,3%. Yn Nûnavût, in territoarium dat pas yn 1999 ta wurding kaam as in thúslân foar de eastlike Arktyske Inûyt fan Kanada, foarmje de Inûyt allinnich, dus los fan 'e oare lânseigen groepen, sels in grutte mearderheid (83,6%) fan 'e befolking.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|